Stichting Iepenloft Opsterlân spilet Animal Farm
Spyllokaasje : Iepenloftteater Sparjebird op 'e Himrik
We ha George Orwell syn boadskip fan it Animalisme, mei hebsucht en macht, oer it Sparjebirder fuotljocht brocht. Tank oan elkenien dy 't west hat.
Regy: Eline de Vries en Job de Roo
Se hawwe der genôch fan. De bisten fan Wassenaar’s buorkerij. Underdrukt, opsletten en te min iten. Allegearre foar it bettere plaatsje. Se komme yn opstân tsjin de fijân: de minske. Under lieding fan de bargen wurdt de boer derút goaid en bouwe de bisten in bettere wrâld: Hoera!!!
Der wurdt libbe neffens de prinsipes fan it Animalisme. Dêr is elkenien gelyk. Mar sommige bisten binne mear gelyk as oaren…. Mar dat kin ek net oars. Dat begrypt dochs elkienien, dy ‘t each hat foar it gruttere plaatsje…………
Animal Farm nimt de minsken mei nei in yntins krêftige wrâld fan George Orwell, dy ‘t mei grutte helderheid sjen lit hoe ‘t hebsucht en macht ferskuorrende gefolgen hawwe kinne. In tige aktueel tema. Sjoch mar om jimme hinne.
Iepenloftspul Opsterlân bringt in bewurking, dy ‘t sjen lit dat Orwell’s ferhaal út 1945 hjoed de dei noch altiten aktueel is. In foarstelling mei spilers fan jong oant âld. De muzyk wurdt live spile troch De Spijkerpakkenband út Opsterlân.
Animal Farm waard mei mooglik makke troch:
Jan Roelof Geertsma Fonds, P.W. Janssen 's Friesche Stichting, Ritske Boelema Gasthuis, Siebold Foundation, van Teyens Fundatie, Feitsma Fûns, De Skâns en Gemeente Opsterlân.
Alle bisten binne gelyk, mar sommigen binne mear gelyk...
- Premjêre útsteld nei sneon 7 septimber 05-09-2019
- Wer drok oan it repetearjen 14-08-2019
- Kaartferkeap Animal Farm is útein set! 31-07-2019
- Saterdei 16 maart : Audysje Animal Farm, bargebiten 03-03-2019
- Opsterlân spilet foarstelling Animal Farm yn Sparjebird 23-02-2019
RT @TEDxFryslan: Nieuw thema = nieuwe identiteit = nieuwe lik verf op de website! https://t.co/nsauRqbPEd https://t.co/n6oR9hpVXj
Volg ons op Twitter