Iepenloft Opsterlân spilet famyljefoarstelling Animal Farm

Geplaatst op 23-02-2019

Stichting Iepenloft Opsterlân is drok dwaande mei de tariedingen foar de opfiering fan it iepenloftspul 2019. Yn tsjinstelling mei in eardere tradysje sil de foarstelling no plakfine yn de neisimmer.

Op woansdei 11 septimber sil de premjêre plakfine fan Animal Farm, skreaun troch George Orwell. De Fryske oersetting is fan Jehannes Ytsma. Dêrnei sil it stik noch acht kear spile wurde. De rezjy is yn hannen fan Eline de Vries, bekend fan teaterselskip Tryater.

Animal Farm giet oer in revoluusje op in buorkerij. De bisten nimme it heft yn hannen. De minsken wurde fuortjage en de bargen nimme stadichoan it heft yn hannen. De wichtichste útspraak wurdt: “Alle bisten binne gelyk!” Der wurdt hurd wurke en elkenien is bliid om eigen baas te wêzen. De twa bargen Napoleon en Sniebal krije rûzje mei elkoar oer de macht. It libben op de buorkerij wurdt stadichoan beswierliker. Mei help fan in keppel hûnen driuwt Napoleon syn sin troch en soarget foar in maklik libben foar himsels. Nei syn útspraak: “Alle bisten binne gelyk, mar guon bisten binne mear gelyk as oaren” freegje de oare bisten (skiep, hinnen, kij, hynders) harren ôf of harren libben no werklik better wurden is. Animal Farm giet oer de gefolgen fan macht

It wurdt in famyljefoarstelling, mei muzyk en dûns, dy ‘t geskikt is foar jong en âld.

Op saterdei 16 maart sil der foar Animal Farm in audysje wêze foar bern (12.00) en folwoeksenen (9.30). Der wurdt ek songen yn de foarstelling, dus kin Iepenloft Opsterlân ek sjongakteurs brûke. 

 

Kontakt: produksjelieder Jelle Terwal (teffens foarsitter), 06-30493981

De Lytse Prins