Wer drok oan it repetearjen

Geplaatst op 14-08-2019

It hat in skoft stil west op de spyllokaasje fan Iepenloft Opsterlân: iepenloftfteater Sparjebird op 'e Himrik.  De bouploech hat noch wol drok oan de slach west, mar de spilers hiene oant 12 augustus efkes fakânsje. 

Mar no is de spilersploech wer drok oan it repetearjen mei allerhande sênes. Meikoarten komt de Spijkerpakkenband ek te repetearjen om de muzykstikken yn de foarstelling te montearjen. We binne tige benijd hoe of dat útpakke sil. Kommende saterdei sille alle kostúms past en brûkt wurde. Dat makket ek wer in oar gefoel los by de spilers. Benammen ast in bist útbyldzje moatst. Der binne prachtige hierstikken makke om it plaatsje hielendal kompleet te meitsjen. 

De technyk wurdt ein augustus opboud.

Fanôf de premjêre op freed 6 septimber kin elkenien sjen wat it einresultaat wurden is. 

 

AnimalFarm